Ze hebben als eerste natte voeten en weten als geen ander hoe het water van de Friese Meren smaakt. Peilers op een skûtsje trotseren weer, wind en golven om te voorkomen dat het zwaard de grond raakt en kostbare tijd verloren gaat. De komende 4 weken kun je op dinsdag hun (korte) verhaal lezen.
Zodra de SKS in zicht komt, worden volgschippen ingericht en kruisers volgepakt. Familie en vriendenploegen haken aan voor twee weken support in de strijd naar de eindzege. Laas Spannenburg (16) weet niet beter. Hij is er al zijn hele leven bij. Sterker nog, hij is in de bouwvak geboren: “Heit sylde op Langwar en wie krekt op tiid by de befalling.”
“Ik ha it leafst dat it hurd waait en it wetter de gongboarden ynkomt”
Dit jaar is hij voor het eerst peiler aan boord van het Ljouwerter skûtsje. Laas: “Ik fyn it leuk om de hiele tiid oan ‘e gong te wêzen. Peile, swurd yn it wetter traapje, by it draaien hurd nei de oare kant. En ik fyn it moai om ticht by it wetter te wêzen. Wiete fuotten is net slim en ik bin lang, dus it wetter komt hast noait boppe de knibbels. Al sil dat asen op Starum en Lemmer wol oars wêze mei hurdere wyn en hege golven.”
Spannend
Het deert hem niet, die harde wind en het woelige water, integendeel. “Ik ha it leafst dat it hiel hurd waait. Dan komt it wetter it gongboard yn en moast dy goed beethâlde. Dat makket it spannender. Dêrom ha ik ek it measte sin oan Starum. Ik ha dêr noch net peild, mar der is in soad wyn en do moast goed oplette, want der binne altiten oanfarringen.”
“Ik bin bot konsintreard. Dat moat ek, hielendal by de start. It is earst rêstich oan board, mar sa gau at we nei de startline draaie moat it swurd der yn en dan rap peile. Willem (Zwaga, schipper, red.) ropt altiten fan alles, skrikst dy wêzenleas, al kin ik it measte net ferstean.”
“Ik wit net hoe ik ús kânsen ynskatte moat, want it sit allegear ticht op mekoar, mar ik tink dat we seker in poadiumplak pakke!”