IFKSNieuwsSKSVan alles

Zwaardvrouwen-Jessy Flikkema

Jessy Flikkema staat als zwaardvrouw drie weken aan!

Swurdfrou Jessy Flikkema (21) staat drie weken ‘aan’ in de zomervakantie, waarin ze als bemanningslid op het skûtsje letterlijk van links naar rechts wordt geslingerd. “Ik sit earst twa wiken by de SKS as stjoerboard swurdfrou op de ‘d’Halve Maen’. En dêrnei noch in wike yn de IFKS as bakboard swurdfrou op ‘het Lytse Famke’.” Voor het derde jaar op rij alweer. 

Kortom: ze is van alle markten thuis. “Yn 2023 waard ik frege troch skipper Herke Boskma (Lytse Famke) en in pear dagen letter belle Lodewijk Meeter.” Maar druk? ”It is hearlik,” vindt Flikkema, die na de zomer als docent Nederlands aan de slag gaat. “Ik haw yn prinsipe seis wiken fakânsje, dus trije wiken sile is gjin probleem. Ik soe it ek net ruilje wolle foar in fakânsje yn Spanje.”

Het is prima te combineren. “Ik haw altyd sein, de earste dy’t mei de planning komt, hat foarrang. Dat wie Herke. As it earne knypt dan binne it de trainingen. Mar d’Halve Maen traint twa kear yn de wike en Lytse Famke ien kear.” Ze debuteerde in de kleine A met het Harlinger skûtsje van Sikke Tichelaar en vader Jacob Flikkema. “Earst yn’e roef en doe’t der te min minsken wiene, kaam ik tafallich oan it swurd. Doe hat ús heit sein: ‘Dêr giest net mear wei’.”

WERELD VAN VERSCHIL
De SKS en IFKS is een wereld van verschil, vindt Flikkema. “Yn de lytse A mei elkenien meidwaan. By it Lytse Famke is it konsolidearjen en boathânling. Dêr leare we fan de wedstriden. Yn de SKS is it gewoan in hiel oar nivo silen. By d’Halve Maen haw ik it gefoel dat we yn de training konstant oan it learen binne. Jappie Meeter, de heit fan Lodewijk, is derby en we leare alle kearen wer wat nijs. Dat is in hiel grut ferskil.”

Ze is enthousiast over haar professie. “Myn taak is om it swurd op’e goede hichte te hâlden en op it goede momint omheech te lûken. Yn kombinaasje mei de peiler. It Harnzer skûtsje is in kear omslein doe’t ik siik wie. Dat kaam foar in part troch it swurd en dêr kinst oan sjen dat it in wichtige funksje is,” benadrukt Flikkema. Het is bovendien hard werken, weet ze. “It is swier, mar noait te swier. Yn Langwar sile we meardere wedstriden op ien dei. Dan wurdt it pittich. En by de SKS duorret in wedstriid twa oeren. Dat is swier, mar net te. Je hawwe oare krêften nedich as yn it deistich libben of by it sporten. Mar ik train der net spesifyk foar. We traine twa kear yn de wike mei it skûtsje en dêr ha ik in soad oan. En wy hawwe in relatyf ljocht swurd.”

AMBITIE
Flikkema is ambitieus. “Mei de d’Halve Maen geane wy foar it linker rychje. Foarich jier wiene we alfde. We wolle goed sile en dan makket de klassearring net safolle út. As wy mar net efterút geane,” grapt ze. “Mei it Lytse Famke wiene we ferline jier twadde. It doel is in stapke heger, mar dat sil net maklik wêze. Mar wy geane der wol foar.”

Tags
Show More

Related Articles

Geef een reactie

Back to top button
Close
Close