75 jaar sks

Piet Paulusma al 16 jaar vaste weerman van de SKS

‘De skippers binne de saakkundigen op it wetter’

Op de vroege ochtend van elke wedstrijddag meldt Piet Paulusma zich bij het palaver van de SKS om schippers en organisatie te informeren over de weersverwachting. Elke dag een andere locatie met een totaal eigen weerbeeld, want: “Eltse mar hat syn apartichheden.” 

Piet Paulusma behoort sinds 2004 tot het vaste ochtendritueel van de SKS-bemanning. Verzamelen bij het palaver, kopje koffie, de routebespreking en even yn it waar sjen. Piet: “Ik ha yn dy jierren ek in soad leard, want eltse mar is wer oars en eltse mar hat syn apartichheden. Dat hat te krijen mei djipte, hoe iepen se lizze of just tusken boskjes yn. Do learst se sa hiel goed kinnen.”

Een uitdaging

“Ik jou in wynferwachting oer twa oeren. Do moast dus fan in hiele romme dei ‘ynzoome’ op dat lytse tiidsbestek. Dat is pittich, want do wolst it goed dwaan. Oan de oare kant binne de skippers de saakkundigen op it wetter. Dy ha ûnderfining mei de wyn en wat sa’n mar docht.”

‘Ach, se roppe en raze wolris wat, mar ik rop en raas ek wolris wat. Dat is it spultsje dat derby heart’

 

Wind en golven

“Ik besykje it waar sa goed as mooglik del te setten, mar dat is soms wol in hiele toer. In noardwestewyn by Earnewâld soarget bygelyks foar swierrichheden, mar troch de begroeiing hinget it der ek fan ôf wêr ast sitst mei it skûtsje. It twirret wol of net. De Snitsermar is ek wolris dreech. Dat hat te krijen mei it starteilân en hoe dat derby leit. En it silen op de Iselmar hinget wer ôf fan hoe’t de wyn de dagen derfoar west hat. Hurde wyn kin in dei letter noch foar hege weagen soargje.”

 

Verantwoordelijkheid

Op basis van Piet zijn weersverwachting kan het zijn dat wedstrijden worden afgelast. “Dat is wol in grutte ferantwurdlikheid, dat bin ik mei dy iens. Mar it ôfsizzen doch ik net, dêr bemuoi ik my net mei. Ik fertel it waar en de organisaasje bepaalt wat der fierder gebeurt.” Toch krijgt de weerman wel eens commentaar van de schippers: “Eltsenien kin oeral digitaal sjen wat de wyn dwaan sil. Mar dat is ruwe data út in systeem. Dêr kin it misgean. Ach, se roppe en raze wolris wat, mar ik rop en raas ek wolris wat. Dat moat je ek sjen as in spultsje dat derby heart.”

‘Dêr sit foar my in risiko’

Omdat er tegenwoordig meer informatie over weer en wind voorhanden is, kunnen weerberichten per uur nog worden bijgesteld. En dat is gunstig voor de SKS-wedstrijden. Piet: “Yn de ôfrûne jierren is faker besluten om earder te begjinnen of de wedstriid efkes út te stellen. Der sit wat mear rek yn dy’t je benutte kinne.” Zo is het voorgekomen dat een wedstrijd bij Lemmer, ondanks waarschuwingen voor een flinke onweersbui, toch door kon gaan. “Neffens de radar gie dy bui fan súd nei noard, dus dy soe it fjild wol tsjinkomme. En mei tonger moat je net mei in skûtsje op it wetter sitte. We ha doe de hiele tiid kontakt hâlden en ik ha úteinliks sein dat it om it waar wol trochgean koe. De bui like oars te gean. Dêr sit foar my in risiko, mar ik kin in oere foarútsjen en wit ek dat de skippers yn dy tiid noch wol fan it wetter ôf komme kinne. De bui is der net kaam. Sjochste, de radar hat it ek net altiten goed.”

‘Om de sfear te priuwen moat je derby wêze’

Zwaarste zomerstorm

De organisatie van het skûtsjesilen bij Stavoren heeft door de jaren heen minder geluk gehad. Meer dan eens kan er niet worden gezeild. Met dank aan de grilligheden van het IJsselmeer. “It is wol foarkaam dat de wedstriid hjir trije jierren op rige net trochgean koe. Dat begruttet my sa foar de organisaasje, mar op de Iselmar is it by ûnstabyl waar gewoan dreech om te silen.” Wat dat betreft staat de zomerstorm van 25 juli 2015 nog helder in het geheugen: “Dat wie de swierste simmerstoarm sûnt it begjin fan de waarnimmings fan it KNMI yn 1901. It wie ek in hiele aparte stoarm, krêft 9 by tiden 10. En ja, wer op Starum.”

De zomerstorm van 2015 is ook twee dagen later bij Woudsend nog merkbaar. Foto: Martin de Jong

Over 75 jaar SKS

“It skûtsjesilen heart by Fryslân, ik hear by Fryslân, dus ik fûn it fantastysk doe’t se my yn 2004 fregen om harren waarman te wurden. Ik bin drok, mar folgje de wedstriden safolle mooglik fia Omrop Fryslân radio. En troch digitale techniken kin je it no ek folle better yn ‘e gaten hâlde. Dy wrâld is totaal iepen komme te stean. Oan de oare kant: je moatte der by wêze om de sfear te priuwen. Dat is op in digitaal platfoarm net oer te bringen.”

Show More

Related Articles

Geef een reactie

Back to top button
Close
Close