Schipper Douwe Azn. Visser, zoon Albert (adviseur) en strateeg Tammo Oosterhof zijn het kloppend hart van het Grouster skûtsje. De drie-eenheid staat al twintig jaar aan de basis van vele successen en acht titels. Een beproefd recept dat binnen de gelederen van de SKS zelfs al wordt gekopieerd.
Sinds 2005 zijn Douwe Visser (62) en rechterhand Tammo Oosterhof tijdens de wedstrijden onafscheidelijk op het achterdek van ‘It Doarp Grou’. Albert Visser (34), de potentiële opvolger van zijn vader, mocht in juni tijdens de Waterpoortrace het schip naar een tweede plaats sturen. “Ik bin der ek wol tweintich jier by belutsen. Mar ik tink dat it hiel bysûnder is dat ús heit en Tammo al tweintich jier mei-inoar sile. Unyk binnen de SKS.”
Als adviseur op het voordek staat hij misschien wel het verst van het zenuwcentrum op het achterdek vandaan op het 19,50 meter lange skûtsje. “Folle fierder kin hast net. Ik bin yn 2009 fokkenist wurden en dat ha ik oant 2016 dien. Dan stie ik by de start foarop en sprong dêrnei gelyk efter it fok. Yn 2017 slagge dat net, want ik hie myn foet brutsen en sûnt dy tiid bin ik foarop bleaun.”
In het begin combineerde Oosterhof het ‘voorwerk’ met zijn functie achterop het skûtsje. ”Dan draafde ik yn de startfaze nei foaren, mar dan misse je dochs fyftjin sekonden. Dan siet ik op’e opstekker en seach om my hinne,” vertelt de directeur van Handelsbanken Friesland uit Leeuwarden, die in 2018 naast de titel met Grou ook met ‘It Doarp Eeastermar’ (IFKS-)kampioen werd. “Boppedat sit Albert al op it foardek, dus dan kin er dêr moai de minsken coache.”
AAN EEN HALF WOORD GENOEG
Het is belangrijk dat het team een geoliede machine is. “By de start giet it om fiif meter, krijst de frije wyn en komst frij. De start wurdt hieltyd wichtiger en dan moatst in goed team om dy hinne hawwe datst bringst wêr’tst wêze wolst,” benadrukt Douwe Visser. “Alles kloppet. Foar safier’t dat mooglik is. De bemanning, it skûtsje en der is net folle ferrin. En de trije ienheid kloppet ek. Wy hawwe oan in heal wurd genôch.” Daarmee schetst de schipper de succesformule van It Doarp Grou. “Je hawwe ûnder in wedstryd bepaalde keuzemominten; sile je troch of moatte je draaie. Dan rop ik wat of Tammo en dan nimst in beslissing,” vertelt Albert over het procedé. “Myn grutste fokus is it ding oan’e praat te hâlden. En beslissingen te nimmen. Je meie eins neat misse. Hja kinne alle flaachjes oankommen sjen. En as se sizze dat der wat barre moat, dan doch ik dat. Dêrom dogge wy it sa, sa’t wy it dogge,” zegt de Grouster stuurman.

,,Ik tink dat we in trije-ienheid binne. En as dat net sa wêze soe, dan komme je dêr gau genôch achter. Skûtsjesilen wurdt beslist op hiele lytse mominten en dan moatst ferstannige dingen dwaan. En beslissingen sa ienriedich mooglik meitsje,” vertelt Oosterhof. “En mocht it barre dat we it kontaktmomint efkes misse, dan ha we it dêr nei ôfrin noch efkes oer.”
IEDER Z’N TAAK
Voor een wedstrijd hebben de drie vaak even overleg. De rest van de bemanning is volgend. “Dan pakke we de rûtekaart derby en beprate de wedstriid. Op it skûtsje binne trije minsken dy’t oer de wedstriid prate,” zegt de schipper, directeur van containervervoersbedrijf VisserShipping in Sneek. “Mar it is absolút in teamsport en elkenien hat dêryn syn taak.” Oosterhof vult aan: “Nei it foarbesprek hawwe wy al in idee en geane betiid it wetter op. Dan ha we it der noch efkes oer. Wy hawwe der boppedat wol faker west,” zegt de strateeg, die voor 2005 vijftien jaar lang een toonaangevend Laserzeiler was. “Dan sile we beide kanten fan it krúsrak in kear en dan moat it klear wêze,” vertelt Albert Visser over het procédé, dat binnen de vloot al navolging heeft gekregen. “By Hearrenfean dogge de broers Brouwer itselde mei Jaap Jongsma as adviseur en Jens foarop. Dy dogge ús in bytsje nei by de start. En by ‘De Lemmer’ dogge se it al langer sa, al sille dy mei de wikseling fan Jasper foar Albert Visser efkes wenne moatte,” denkt Douwe Visser, die ook Anne Tjerkstra als coach aan boord heeft.
“We ha in soad sylûnderfining oan board. Op alle plakken.” Een verandering ten opzichte van vroegere tijden, vindt de schipper. “Der binne in soad goede wedstriidsilers by it skûtsjesilen kaam. Dat is altyd in útdaging, want der komt krêft by sjen, taktysk fernoft, snelheid en je moatte der gefoel by hawwe. It moaie is ast wat trochpraatst en it plan oant op’e meter sekuer foar de boppeste tonne útkomt.” Oosterhof: “It is in hiel moai spultsje. En hiel kompleks.”
SPANNEND KAMPIOENSCHAP
Een week voor de start van de SKS begint het feest al. “Dan traine we alle jûnen,” zegt Douwe Visser, die er na drie weken wel klaar mee is. “As myn wurk sa drok wêze soe as it skûtsjesilen, dan soe ik it gjin jier folhâlde.” Begrijpelijk, vindt zoon Albert, die de helft van het jaar met het containerschip Nordica op zee zit en een week voor het kampioenschap terug is. “Hy is as skipper einferantwurdlik. Foar de bemanning fielt it miskien mear as fakânsje.” Oosterhof: “Wy benaderje it hûndert persint as topsport. En we binne hiel kritysk. Op alles.”
Het wordt volgens Douwe Visser een spannend kampioenschap, waarin It Doarp Grou onder de vlag van Douwe Visser voor de negende titel gaat. “Ljouwert hat der in ljochtwer skûtsje fan makke. Dy rinne oant wynkrêft 3 it hurdst. Mei hurde wyn ha se it dreech,” verwacht Visser, die ook Heerenveen, Lemmer, Sneek en Grou als kanshebbers tipt. “Mar as wy twa wiken wynkrêft 2/3 hawwe, dan wurdt it foar ús in hiele klau.”



