IFKSSkutsje

Vier unieke IFKS-kampioenen – Sieb Meijer

Vijfvoudig kampioen

Elke zege is bijzonder, daar zijn de IFKS-kampioenen het wel over eens. En ze smaken naar meer. Na de ontlading en een frisse duik in de havenkom van Lemmer, gaat daarom het vizier langzaamaan weer richting een volgend kampioenschap. Niet zonder resultaat, want van de 19 kampioenen die de A-klasse tot nu toe opleverde, wisten tien de top van het eindklassement vaker dan eens te bezeilen. Drie van hen lieten de vloot vier, vijf en zelfs zes keer achter zich. 

“Dast sa’n skipke hast, in skûtsje dast mei de fingers stjoere kinst en in bemanning dy’t presys wit wat der barre moat”

SIEB MEIJER
Vijfvoudig kampioen – 1993, 1996, 1998, 1999, 2011
Skûtsje Jonge Jasper

“De allerlêste, dat wie de moaiste.” Want twee jaar daarvoor degradeert, de dan al drievoudig IFKS-kampioen, Sieb Meijer nog. “It woe yn 2009 net sile. We hiene in nije mêst, mar de fok wie der net op oanpast. En it nije grutseil woe ek net.” Dus belandt de Jonge Jasper ineens weer in de B-klasse. Voor even, want in 2010 doet een nieuwe fok zijn werk en zeilt het skûtsje als nooit tevoren de promotie tegemoet. “It gie as in tierelier! En yn 2011 wer! It wie geweldich, wat in moaie wedstriden. De ‘Los-boys’ wiene it jier derfoar kampioen wurden en dat woene se fansels wol wer, mar wy wiene net te hâlden.” Het levert Meijer zijn vijfde kampioenstitel op. “Ik wie de earste dy’t fiif kear wûn, dus ik mocht it sulveren skûtsje hâlde. It wurdt no noch hieltiten brûkt as wikselbeker, mar hy is fan my. Dat ha we fêstlein yn in kontrakt.” 

De Jonge Jasper in aanval op de Los-boys. Sieb: “Hier word ik nog warm van.” Foto: Boyen de Boer

Onkunde
De eerste keer dat Sieb als schipper aan de start van de IFKS verschijnt, is in 1986. “Ik gie al wolris as bemanningslid mei Doede Dijkstra mei op ‘e ‘Fryslân’. Sa sylden wy ek in kear mei hurde wyn by Hylpen. De wedstryd wie net trochgien, mar wy giene wol it wetter op. En doe mompele ik ergens oer it stjoeren ‘wat is dit moai wurk, dat wol ik sels ek wol’. Doede wist noch in moai skipke. It skûtsje hie út earmoede dat jier net syld en doe ha ik ‘m kocht. Dat wie de Jonge Jasper. We hawwe him by Heech gelyk omsyld. Onkunde. Sa giet dat yn it libben, je moatte alles leare. Mar it jier dêrop waarden we kampioen yn de B (in 1985 wordt de B-klasse aan het kampioenschap toegevoegd, red.).” 

In 1993 zeilt de Jonge Jasper voor het eerst naar de top van het eindklassement. “Dat is fansels ek ien fan de moaiste herinneringen. De earste kear kampioen wurde is in hiele belevenis.” En dan was er ook nog die van 1998: “It kin ek ’99 west hawwe. Wy moasten op ‘e Lemmer as fiifde einigje om kampioen te wurden, mar wy giene te betiid oer de startline. Dus wy wer werom, sels noch troch de fargeul hinne want dy ferrekte Frisian Queen lei yn it paad, en doe opnij oer de start. Sile, sile, sile. We pakten noch ergens fjouwer tagelyk en doe leine we tredde. Dat ferjit je nea wer!”  

“Se ha ús doe út de IFKS dondere. Des duivels wie ik. In wike letter belle de Rijdende Rechter”

Tussen alle pieken zaten ook enkele dalen. Zo ontstaat er in het staartje van de IFKS van 1997 een conflict over de loefbiter (een uitstekend deel van de boeg dat onder water zit, red.) van de Jonge Jasper. Een conflict dat eindigt bij de Rijdende Rechter. “Wy sieten nei in oerwinning op it achterdek mei in kistje bier feest te fieren. Wy wiene yn de ‘winning mood’, mar dêr tochten oaren oars oer. Ik neam gjin nammen. En sa kamen se fan de organisaasje ús loefbiter opmjitten. Dy mocht net langer as 75 sentimeter wêze. Mar in Piipster mei 12 man achterop, komt oan de foarkant omheech en dan wurdt de loefbiter langer.” In plaats van zeventig telt het onderdeel onderaan de boeg van het skûtsje negentig centimeter. “Se ha ús doe út de IFKS dondere. It heger berop helle neat út. Des duivels wie ik, sa hellich! In wike nei de wedstriden bellen se fan it programma de Rijdende Rechter. At ik dat ferhaal der wol foar hawwe woe. Wy nei Hilversum mei it hiele gefolch en we krigen gelyk. ‘Gedane zaken nemen geen keer’, mar it fielde wol goed!” 

Tak, tak, tak
Inmiddels heeft dochter Froukje het helmhout van vader Sieb overgenomen. “Doe’t wy yn 2009 degradearre wiene sei ik ‘no do mar’. Mar se fûn net dat ik sa ophâlde koe. ‘Earst wer kampioen wurde’, dat boadskip krige ik mei. En dat waarden we yn 2011. Je kinne noch wol tsien jier trochgean bliuwe, mar ik fyn it ek moai dat Froukje it trochset. Fansels mis ik it. It stjoeren noch it meast, dat is sa machtich! Dast sa’n skipke hast, in skûtsje dast mei de fingers stjoere kinst en in bemanning dy’t presys wit wat der barre moat. At ik troch de wyn gie dan tak, tak, tak en it sylde wer. Sûnder wat te sizzen snapten se it allegear. Dat is fantastysk!”

Sieb Meijer 5 keer kampioen.

Vier unieke IFKS-kampioenen – Nico Hoek, de winnaar van de allereerste IFKS.
Vier unieke IFKS-kampioenen – Age Bandstra, vlak voor de start nog katoenen zeilen tanen.
Vier unieke IFKS-kampioenen – Ton Brundel, met zes titels de kampioen der kampioenen.

Show More

Related Articles

Geef een reactie

Back to top button
Close
Close