Column: Neat gjin nijs

Wat in alteraasje mei dy skûtsjes. Ha wy it oait sa meimakke? Douwe Visser koe it him net heuge, sei er fan ‘e moarn foar de radio. No, ik wol.

My stiet noch klear by hoe ’t it der om wei gong doe ’t de SKS foar it earst wat dwaan woe oan de hege mêsten en de grutte seilen. Dat wie yn 1977 en se hiene der spesjaal in professor foar ynhierd om der in formule foar te meitsjen en dy oan ‘e skippers út te lizzen. Dat wie professor Gerritsma, fan de TU Delft.

It waard him net mei de professor. Loadewyk en Siete Meeter en Jan en Albert van Akker fûnen it in formule fan neat. Op in spesjale SKS-fergadering raasden Loadewyk en Siete Meeter sa ferwoest tsjin it bestjoerslid Koos Schouwstra, dat foarsitter Alex Brinksma de fergadering skorste. Loadewyk benammen hie Schouwstra bedrige dat er him achter de tafel weiskuorre soe en op ‘e bealich jaan. ‘Do smoarge wite wjirm’, rôp er.

Dy nachts stapte it SKS-bestjoer op. Dat wie dus yn 1977 en it gong mei dy formule foaral om de feilichheid. Der sloegen te folle skippen om en it silen waard ek te faak ôflost.

Mei troch bemiddeling fan Akko van der Veen fan Drachten kaam it bestjoer werom. De Rabobanken joegen tonnen foar nije seilen. En twa jier letter wie der in nije formule-Amels, dy ’t de skippers wol begriepen. De rekkensom wykte net folle of fan dy fan professor Gerritsma, mar wie wat makliker benei te kommen. De skippers hoegden net perfoarst de seilen te ferknippen, as se mar swierdere bûkdellings makken.

Yn 2000 kaam der wer in oare formule. Dat wie in fernijing fan de formule-Amels. Se sylden doe net mear mei katoen mar mei dakron. Drakron sei Joop Mink, skipper op Grou. It gong der no om dat de skippen likense kânsen krigen op in oerwinning.

Om de djipgong goed yn ‘e gaten te hâlden, krigen se allegear in peilgleske yn it flak, it pypke. It gong om milimeters, mar it wurke wol. Ale Zwerver fan it Lemster skûtsje rûn it daliks op doe ‘t er by licht waar swier houtwurk fan it skip ôf sette op de Startkotter.

Jitse Grondsma gong yn 2001 mei syn Woeste Oane fan de IFKS nei de SKS oer om skipper foar de Heale Moanne te wurden. Neffens him wie it net in earlike formule dêr’t se by de SKS mei sylden. De wjerstân fan de skipsromp wie nammentlik net meirekkene. Sa krigen je noait in earlike striid tusken Pypsters en oare skûtsjes, en tusken flugge en stadiger Pypsters.

Nei in soad gedoch kaam der acht jier lyn útsicht op in ferbettere formule, mei de wjerstân deryn ferwurke. It Kenniscentrum Jachtbouw waard der spesjaal foar ynhierd om in Velocity Prediction Program op te stellen. Dy formule soe oer tsien jier evalueard wurde, mar dat barde al yn 2015. Sa krigen wy wer in nije formule. Probleem: de breedte krige der minder gewicht yn as de djipgong. Dat is benammen neidielich foar brede skûtsjes mei net folle djipgong. Dat binne de Súdwesthoeke, Ljouwert, Langwar en de Jouwer. Se hawwe neffens it boekje allegear in djipgong fan 38sm en binne tusken de 3,87 en 3,81m breed. Fan dy fjouwer docht allinne de Súdwesthoeke mei Auke de Groot aardich mei.

De Jouwer leit der al út. Langwar ferlear alles en is ophâlden. Ljouwert leit mei syn nije skipper foarlêste yn it klassemint.

Mei fjouwer ha jo de mearderheid fansels net yn in fergadering, seker net as der sa’n soad bestjoersleden achter de tafel sitte. En dan wurdt by in skipper it bloed wolris sûpe, krekt as fjirtich jier lyn by Siete en Loadewyk Meeter. Dan barre der frjemde dingen, want emoasjes binne faak sterker as it ferstân.

It aparte is dat se ’t by de IFKS oars dogge. Dy hawwe ek in formule, mar ienfâldiger. Se wage dêr alle skippen om se geliker te meitsjen. Fjouwer skippers hat der twa jier oer dien om it allegear út te lizzen. En doe wiene se it fierhinne iens. It IFKS-bestjoer hoegde him der amper mei te bemuoien. Dêrom sil it ek wol sa noflik ferrûn wêze.

Wêrom soene se by de SKS it gewicht ek net as útgongspunt nimme? Miskien koe dan de IFKS wat tajaan op de maten en krigen wy foar beide organisaasjes likense easken. Dan kinne se ek wer tsjin elkoar sile, by Lemmer Ahoy en op oare plakken. En dan wurdt it makliker om mei of sûnder skipper of skûtsje fan de iene nei de oare klub oer te stappen.

Hoefolle wetter moat der eins troch de Tsjonger rinne om dit mooglik te meitsjen? Ik hie it leaver moarn as nije wike. Mar ja, wy libje no ien kear yn Fryslân…

Klaas Jansma

 

Skûtsjekrant Voorjaar 2018

Skûtsjekrant zomer 2017